OER ÚS

Ûntdek

ÚS FERHAAL

Bakkerij Rustiek wie foarhinne Ambachtelijke Bakkerij Braaksma. Braaksma wie in echt begryp yn de Trynwâlden én der bûten.  De bakkerij hat in goede namme foar himsels opboud. Ûnder oare troch mei te dwaan oan fakwedstriiden en mei it beheljen fan it "Bekroond met Goud"- karmark op harren produkten.


Yn 2019 hawwe Aaldert en Hiltje Bruinsma de bakkerij oernaam. Op 1 augustus 2022 hawwe sy in nije namme oannaam en hawwe sy de bakkerij úbreide nei Huizum yn Ljouwert. Sy binne grútsk op harren bedriuw en de minsken dy foar harren wurkje. De pasje foar it ûndernimmen ûntstie by Aaldert al ridelik gau tiidens syn oplieding. Yn dyselde tiid moette hy Hiltje ek en krige har hielendal mei yn de leafde foar it bakkersfak. Sy hawwe in soad ambysje om de kwaliteit heech te hâlden en eltsenien fan bôle en oar "lekkers" te fersjin. 


It bedriuw, sa at de skiednis ek witte lit, is in echt famyljebedriuw. Der binne dan ek in soad bekinde gesichten foar de klant. Dy gesichten jouwe de minksen in gefoel fan thúskomme. Sy jouwe net alinne har bestelling troch, mar hawwe ek efkes in praatsje mei inoar. Ek dat heart der by. 



Efter

DE SKERMEN